Biltdiken bliuwe beskerme doarpsgesicht

01 feb 2017 - 11:02

Beswieren tsjin it oanwizen fan de polders tusken de Biltdiken as beskerme doarpsgesicht binne ek troch de Ried fan Steat ôfwiisd. Bouboeren en grûnbesitters fine dat de bedriuwsfiering hjir no al bot beheind wurdt. Sa soe it dreech wurde om in fergunning te krijen foar it dimpen fan sleatten en wurde fergunningen foar sinnepanielen wegere.

De Ried fan Steat fynt dat inkeld in oanwizing fan it gebiet ta beskerme doarpsgesicht noch gjin wiziging fan de bedriuwsfiering opsmyt.

De steatsried bestriidt dat dizze status foar it gebiet it oanfreegjen fan fergunningen dreech makket. Earder dizze wike liet ek de minister al witte gjin útsûndering te meitsjen foar it lânbougebiet op It Bilt. Wol soe minister Bussemaker ree wêze om yn 'e mande mei gemeente en provinsje in protokol op te stellen oer de feroaringen foar de Biltske boeren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)