Plysje siket útnaaide bromfytser

01 feb 2017 - 09:58
Foto: ANP

De plysje yn Nijemardum is op syk nei de bestjoerder fan in bromfyts dy't tiisdei nei in gefaarlike efterfolging ûntkomme koe. Plysjes seagen de bromfytser tsjin fiven gefaarlik riden op de Hege Bouwen. De plysjes giene achter de brommerrider oan, mar dy koe fia in boskpaad ûntkomme. De plysje freget tsjûgen om harren te melden.

Trefwurden: 
bromfytser plysje Nijemardum
(advertinsje)
(advertinsje)