Auto op it spoar troch plofte airbag

Airbag
It treinferkear tusken Ljouwert en Hurdegaryp hat fan 'e moarn in tal oeren stillein, omdat der op de Oostergowei yn Ljouwert in auto op it spoar stie. It gie om in Dútske auto, dy't flakby it spoar tsjin in stek botste. Dêrtroch blaasde de airbag himsels op en bedarre de auto op it spoar. Nei alle gedachten hat de bestjoerder tefolle dronken. Doe't de auto fan it spoar helle wie, koenen de treinen wer ride omdat de rails en spoarbomen gjin skea hiene. Yn de tuskentiid waarden reizgers mei bussen ferfierd.