"Maatregels om de skries te behâlden binne net effisjint"

It wurk fan agraryske natuerferienings en natuerorganisaasjes lykas It Fryske Gea, Natuermonuminten en Steatsboskbehear om de skries as greidefûgel te behâlden, helpt wol, mar net genôch. Yn in nij ûndersyk fan de Ryksuniversiteit Grins wurde de ynspanningen net effisjint genôch neamd. Ek yn gebieten mei maatregels wurde net genôch piken grut om de soart der boppe-op te helpen. En dat jildt hielendal foar greiden dêr't boeren gjin spesjale maatregels nimme foar greidefûgels.
Neffens ûndersiker Jos Hooijmeijer fan de Ryksuniversiteit Grins is in omslach rjochting 'natuer-ynklusive' lânbou nedich.