Wethâlder Kooistra tefreden oer jeugdketen yn Opsterlân

Wietze Kooistra © Gemeente Opsterlân
It ketebelied fan de gemeente Opsterlân liket suksesfol te wêzen.
Wethâlder Wietze Kooistra is wiis mei de jongereinketen. Sûnt 2014 meie jongereinketen allinnich op priveeterrein stean. Se moatte dêr ûnder tafersjoch stean fan de eigener fan it terrein en de keet.
Troch de nije regels binne der no gjin klachten mear oer de keten. Fierders binne by ynspeksjes troch jongereinwurkers gjin misstannen fûn. De gemeente Opsterlân hat mei-inoar tolve jongereinketen.
Neffens wethâlder Kooistra binne keten wichtich foar moetings tusken jongerein. Oars soene se op oare plakken omhingje, seit Kooistra.