PvdA Ljouwert stelt fragen oer ynboargeringskursussen

31 jan 2017 - 21:19
Dielnimmers oan in ynboargeringskursus yn Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

De PvdA-fraksje yn de gemeente Ljouwert wol fan de gemeente witte hoe't de ynboargeringskursussen yn Ljouwert regele binne. De partij hat dêr noed oer nei oanlieding fan lanlike berjochtjouwing oer de kwaliteit fan sokke kursussen.

Nije Nederlanners binne sels ferantwurdlik foar it finen fan in goede kursusoanbieder. Dat is dreech, omdat se noch net thús binne yn de Nederlânske taal en kultuer, fynt de partij.

Hoefolle slagge?

De PvdA wol fan it kolleezje fan b. en w. witte hoefolle minsken oft ynboargerje moatte yn de gemeente, en hoefolle fan harren yndied slagje foar it eksamen.

Slachtoffers

Ek wolle se dúdlikens hawwe oer de betrouberens fan de oanbieders fan de kursussen yn Ljouwert, en oft der al 'slachtoffers' binne fan it nije belied. As minsken it ynboargeringseksamen net binnen in perioade helje, moatte se it jild dat se dêrfoar liend hawwe, werombetelje. Kinne se dat net, dan komme se mooglik yn de skuldsanearring telâne.

Trefwurden: 
PvdA ynboargeringskursus
(Advertinsje)
(Advertinsje)