Fertochten oerfal coffeeshop Wolvegea foarearst net frij

31 jan 2017 - 20:42
Bylden fan de oerfal op coffeeshop Dikrayaat - Foto: Dikrayaat

De trije manlju dy't fertocht wurde fan in oerfal mei in wapen op coffeeshop Dikrayaat yn Wolvegea komme foarearst net frij. Dat hat de Ljouwerter rjochtbank tiisdei besluten.

It trijetal fan 22, 29 en 50 jier komt út Den Haag. Se wurde derfan fertocht dat se op 16 jannewaris ferline jier tegearre mei in 41-jierrige maat sûnder fêst wenplak it personiel fan de coffeeshop bedrige hawwe soene mei in Kalashnikov. Ien fan de personielsleden waard mishannele. De fertochten hawwe drugs en jild meinaam.

Tankstasjon

De plysje hie earst gjin inkeld spoar fan de oerfallers, oant begjin april ferline jier nei in oerfal op in tankstasjon op It Hearrenfean trije manlju oppakt waarden. DNA-materiaal dat by dy oerfal fûn waard, kaam oerien mei it DNA fan de 41-jierrige maat. Dy is yn desimber feroardiele ta oardel jier sel.

Ien bekentenis

Troch dy fertochte en meldingen by Meld Misdaad Anoniem kaam de plysje de trije Hagenaars op it spoar. De 29-jierrige fertochte hat yntusken bekend. Syn omke, de 50-jierrige fertochte, seit neat te krijen te hawwen mei de oerfal. De 22-jierrige fertochte soe de sjauffeur fan de flechtauto west hawwe. Hy wie yn dyselde rol ek yn byld by de oerfal op It Hearrenfean. Mar dêrfan is er frijsprutsen.

Opskuor

De rjochter hat oanfragen fan de riedshearen fan de fertochten om de manlju frij te litten ôfwiisd. Dat waard ûnder oare dien om't de saak in protte opskuor feroarsake hat. It is de bedoeling dat de saak mids maart behannele wurdt.

Trefwurden: 
oerfal coffeeshop Wolvegea
(advertinsje)
(advertinsje)