Wurkstraf easke tsjin echtpear út Snits foar falsk jild

© Twitter, @politie_lwdn
In echtpear út Snits moat mooglik in wurkstraf dwaan foar it yn omrin bringen fan falsk jild. De 34-jierrige man en syn 36-jierrige frou soene tusken april en july 2015 op ferskate plakken falske briefkes fan 50 brûkt hawwe. It soe gean om sawat 200 briefkes fan 50 euro.
Se bestelden de falske bankbiljetten op ynternet yn Italië, Dat diene se op in saneamd TOR-netwurk, ek wol it 'djippe web' neamd, foar anonime kommunikaasje. De Snitsers krigen de biljetten foar in bedrach fan 15 euro en ferkochten se foar 20 euro it stik.
De man en de frou brûkten it falske jild om guod lykas iPads, gamekompjûters en mobile tillefoans te keapjen. Se diene dat op Marktplaats.
It guod waard mei falsk jild betelle, om it dêrnei wer troch te ferkeapjen foar echt jild. It stel gie behoarlik tûk te wurk. Se sochten kontakt mei de ferkeapers fia in net-trasearbere prepaid tillefoan. As se betellen leine se in 'echt' bankbiljet fan 10 euro boppe-op de steapel, sadat de falske briefkes fan 50 net opfalle soene. De Snitsers besochten sa harren finansjele problemen fuort te wurkjen.
Yntusken stean de saken der finansjeel in stik better foar. De fertochten hawwe harren wenning ferkocht en se hawwe in betellingsregeling mei de Belestingtsjinst troffen. Seis minsken hawwe oanjefte dien tsjin it stel. Trije minsken hawwe in skeafergoeding fan yn totaal 1390 euro yntsjinne. Offisier fan justysje Henk Mous easke foar de frou in wurkstraf fan 160 oeren, en fjirtich dagen sel, wêrfan tritich ûnder betingst.
Foar de man easke Mous in hegere straf. Hy hat in strafblêd en sit noch yn syn proeftiid. De offisier easke 240 oeren wurkstraf en in selstraf fan 119 dagen wêrfan 90 ûnder betingst. De selstraffen binne foar beide fertochten gelyk oan de tiid dat se yn foararrest sitten hawwe. De rjochtbank docht op 14 februaris útspraak.