UPDATE: Gjin dúdlikens oer sjitterij yn Bilgaard Ljouwert

Der is mooglik mei in fjoerwapen sketten op it Fennenplein yn de wyk Bilgaard yn Ljouwert. De plysje hat it plein koarte tiid ôfset foar ûndersyk. Neffens de earste berjochten fuortendaliks nei it ynsidint soe der yn de loft sketten wêze.
De plysje koe troch it spoare-ûndersyk lykwols gjin dúdlikens krije oer de mooglike sjitterij. Der binne gjin meldingen fan ferwûnen of skea.
Letter op de jûn hat de plysje in frou oanhâlden as fertochte yn dizze saak. In arrestaasjeteam hat in wenning oan De Kei trochsocht, mar hat dêr net ien mear fûn.