Geen Peil giet troch, ek al hellet de partij gjin sit

Geen Peil giet nei 15 maart troch, ek al hellet de politike beweging gjin sit yn de Twadde Keamer. Dat seit listlûker Jan Dijkgraaf fan Eastergea by De Lemmer. Hy fynt dat de wurkwize fan Geen Peil ek geskikt is foar gemeenterieds -, provinsjale en Europeeske ferkiezings.
Dijkgraaf tinkt foarearst mei Geen Peil yn de Twadde Keamer te kommen. Yn It Polytburo op Omrop Fryslân Telefyzje sei er op trije sitten te hoopjen.
Dijkgraaf wurdt sûnt in pear dagen bedrige. By de wedstriid fan twadde Bundesligaklup FC St. Pauli út Hamburg tsjin Stuttgart hong in spandoek "Dijkgraaf trek die trui uit, anders trekken wij je kop eraf". Oanlieding is in trui fan St. Pauli dy't Dijkgraaf wolris oan hat. Dijkgraaf sels tinkt dat de Anti Fascistische Actie út Amsterdam efter de bedrigings sit.