Minister nimt noch foar ferkiezings beslút oer Westgat

Kotters yn de haven fan Lauwerseach © Google Street View
Minister Melanie Schultz van Haegen nimt noch foar de ferkiezingen op 15 maart in beslút oer it al of net útbaggerjen fan it Westgat. Dit is de fargeul fan Lauwerseach nei de Noardsee. De minister hat dat witte litten oan it provinsjebestjoer fan Grinslân, skriuwt RTV Noord.
De fargeul is tichtslike wêrtroch't de berikberens fan de haven fan Lauwerseach gefaar rint. As it Westgat útbaggere wurdt, dan komme de Urker fiskers wer nei Lauwerseach. Dat hawwe se tasein.
Troch it fuortbliuwen fan de grutte fiskersskippen is de haven fan Lauwerseach alle jierren in omset fan 28 miljoen euro misrûn. De provinsje Grinslân, de gemeente De Marne en de haven fan Lauwerseach hawwe no in plan fan oanpak nei de minister stjoerd. Dêryn betelje de fiskers en de gemeente it baggerjen. De provinsje Grinslân betellet de oanfraach fan fergunningen en de evaluaasje. It iennige dat it ministearje dan noch dwaan moat, is de seeboaiem yn de gaten hâlde om te sjen hokker gefolgen it baggerjen hat foar it systeem fan geulen en sânbanken.