Gearfettings frouljusfuotbal tenei by de NOS te sjen

31 jan 2017 - 17:42
De Hearrenfean-froulju (argyffoto) - Foto: Martin de Jong

De froulju fan SC Hearrenfean en de oare frouljusalvetallen yn de earedifyzje binne tenei by de NOS te folgjen. De omroporganisaasje sil alle wiken in gearfetting fan in wedstriid yn de earedifyzje foar froulju útstjoere. Troch de nije ûntwikkeling wurdt yn alle kompetysjerondes ien wedstriid nei sneon ferskood. No spylje de froulju noch hieltyd op freedtejûn.

"2017 it jier foar frouljusfuotbal"

Manager frouljusfuotbal Minke Booij fan de KNVB is bliid mei de stjoertiid: "Wekelijks samenvattingen van de wedstrijden op televisie draagt eraan bij dat steeds meer mensen betrokken raken bij vrouwenvoetbal. Dat is goed voor de herkenbaarheid en de verdere ontwikkeling van de sport. Met het EK voor vrouwen in eigen land voor de boeg, wordt 2017 het jaar van het vrouwenvoetbal."

Mear besikers

De earedifyzje foar froulju, dêr't dit seizoen acht teams oan meidogge, sit yn de lift. It tal minsken dat nei in wedstriid giet, lei ferline jier al 52% heger as twa jier lyn, doe't de BeNe League noch bestie. De kompetysje is dit seizoen boppedat tige spannend troch de ynfiering fan play-off-wedstriden. Ek it EK fuotbal foar froulju dat dizze simmer yn Nederlân hâlden wurde sil, helpt mei om de sport populêrder te meitsjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)