Bedriuwen kinne ynskriuwe foar konsesjes iepenbier ferfier

Bedriuwen kinne har fan no ôf ynskriuwe om fan 2020 ôf it iepenbier ferfier yn Fryslân oer te nimmen. De easken foar de konsesje hjirfoar binne tiisdei troch de provinsje frijjûn. De konsesje foar it iepenbier ferfier sil dien wurde yn oparbeidzjen mei de provinsje Grinslân.
De nije kontrakten foar de trein rinne 15 jier: fan 2020 oant 2035. Dy foar de bussen rinne foar tsien jier. Kwa easken wol de provinsje bygelyks dat it materieel fan de nije ferfierder ekstra komfortabel is op de lange ôfstannen.
Ek wol de provinsje graach dat der gebrûk makke wurdt fan duorsume brânstoffen. Om úteinlik út te kommen op iepenbier ferfier dat folslein frij is fan útstjit dat de luchtfersmoarging.
It hjoeddeistige personiel moat troch de eventuele nije ferfierder folslein oernaam wurde. Neffens de provinsje spilet sosjale feiligens hjir yn Fryslân net al te bot. Se wolle graach dat dit sa bliuwt, en easkje dus ek dat der net konkurearre wurde sil op sosjale feiligens. Yn de simmer moat dúdlik wurde hokker bedriuw fan 2020 ôf de Friezen ferfiere mei.