Alde binnenstêd fan Snits wurdt foar part sloopt

31 jan 2017 - 17:31

In part fan de âlde binnenstêd fan Snits wurdt sloopt. It giet om in tal gebouwen oan de Oude Koemarkt, it Grootzand en it Zuidend. De winkelgebouwen mei wenningen derboppe meitsje plak foar nije apparteminten en in parkeargaraazje. De gemeente hat lang twivele oer tastimming foar de plannen om't it om beskerme stedsgesicht giet. Der is besletten oan de plannen mei te wurkjen om't de inisjatyfnimmers de styl fan de binnenstêd yn stân hâlde wolle. De nijbou moat lykje op wat der no stiet. Oer goed oardel jier moatte de plannen klear wêze.

Trefwurden: 
Snits binnenstêd sloop
(Advertinsje)
(Advertinsje)