Undersyk nei yntegraasje statushâlders yn Littenseradiel

31 jan 2017 - 17:21
De famylje Al Zaidan in jier lyn yn har nije hûs yn Jorwert. - Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

De rekkenkeamerkommisje fan Littenseradiel docht ûndersyk nei de yntegraasje fan flechtlingen dy't hjir bliuwe meie. De gemeenteried hat dêr allegear fragen oer. Sa wol dy witte hoe't de gemeente en it COA elkoar op de hichte hâlde en hoe't de gearwurking mei wenningkorporaasjes rint. Mei it ûndersyk moat helder wurde hoe't de gemeente krekt omgean moat mei de yntegraasje fan statushâlders. It ûndersyk moat foar de simmer klear wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)