Provinsje ynvestearret yn sinnepanielen op eigen gebouwen

31 jan 2017 - 17:19
Sinnepanielen - Foto: Omrop Fryslân

De provinsje Fryslân sil de kommende tiid trije ton ynvestearje yn sinnepanielen op provinsjale gebouwen. De panielen komme op it baggerdepot yn Dronryp, it Wadden Center op de Ofslútdyk, Stipepunt Twellingea en op it dak fan de Taalekspo yn Ljouwert. Mei de sinnepanielen kin in fermogen fan mear as 111.000 kWh yn it jier opwekt wurde. Dit sil neffens Deputearre Steaten helpe om de provinsje ûnôfhinkliker te meitsjen fan fossile brânstoffen. It plan wie earst om sinnepanielen op fangrails te pleatsen, mar dat wie net helber.

Benammen de feiligens, it ûnderhâld en de kâns op stellerij wiene redenen om de plannen oan te passen. De provinsje sil sjen oft ek op oare lokaasjes sinnepanielen dellein wurde kinne.

(advertinsje)
(advertinsje)