FIDEO: Hoe komt it no mei it aaisykjen?

31 jan 2017 - 17:10

Foar it tredde jier op rige mei net aaisocht wurde. Hielendal ophâlde wol it BFVW noch net, want it sykjen giet fierder, mar it meinimmen fan de aaien is dien. In ûntheffing dêrfoar is sels net oanfrege. In alternatyf plan foar it aaisykjen is moandei oannaam troch leden fan it bûn fan Fryske fûgelwachten.

De striid om it earste ljipaai bliuwt wol. De fûgelwachten wolle yn alle gemeenten in earste ljipaai sykje. Se gean allinnich yn de eigen gemeente it fjild yn. De seremoanjes foar it earste ljipaai binne bûten it fjild en beskieden.

Yn Fryslân Hjoed prate Rendert Algra (Bûn fan Fryske Fûgelwachten), Harm Niesen (Faunabeskerming) en Dicky Jonker (Fûgelwacht Grou).

Faunabeskerming: Earste provinsje-aai gjin probleem

Harm Niesen fan Faunabeskerming is op it aaisykjen tsjin. It alternative plan fan it BFVW is yn striid mei de wet, seit er. De Rie fan Steat hat bepaald dat aaisykjen hielendal net mei. De Faunabeskerming fynt it gjin probleem as it bliuwt by it earste ljipaai fan hiel Fryslân. Mar as yn alle gemeenten aaisikers it fjild yngean, jout dat in grutte fersteuring. De Faunabeskerming kin it plan fan it BFVW net foarlizze oan de rjochter, want der is gjin ûntheffing oanfrege. De organisaasje kin wol oan de provinsje freegje it aaisykferbod te hanthavenjen of oars in oprop oan de boargemasters dwaan gjin earste ljipaaien mear yn ûntfangst te nimmen.

"Aaisykjen is wedstriid wurden"

Dicky Jonker fan de  fûgelwacht yn Grou sjocht gjin heil yn it alternatyf plan fan it BFWV.  "It is gjin aaisykjen mear. It is in wedstriid." Hy pleitet derfoar om it aaisykjen hielendal gewurde te litten en hielendal yn te setten op nêstbeskerming.

"Sûnder aaisykjen gjin nêsten fine"

"As jo net it fjild yn gean te aaisykjen, dan kinne jo ek gjin nêsten fine. Dan wurdt it ek neat mei nêstbekerming", sa reagearret BFVW-foarsitter Rendert Algra. "Nêstbeskerming is de basis.Dat kinne je oefenje troch mei in wedstriidelemint it fjild yn te gean."

Trefwurden: 
aaisykjen BFVW ljipaai
(advertinsje)
(advertinsje)