Baard wurdt op 1 april oerspield mei 'baardmannen'

31 jan 2017 - 15:24

Op 1 april wurdt it drok yn de kroech fan Baard. Mei it evenemint 'Baard Verdubbelaar' komme hûnderten 'baardmannen' nei kafee Baard. "En nee, het is geen grap, het gaat echt door," fertelt Cobus Prins, de kroechbaas, dy't sels ek in burd hat. Yn Baard wenje 190 minsken en it doel is om op 1 april nochris 190 mannen derby te krijen. "Het is natuurlijk zien en gezien worden en een mooie gelegenheid om Baard op de kaart te zetten."

It idee komt fan The Dutch Beard and Moustache Association. De mannen komme net allinne út Fryslân, mar ek fan oer de Ofslútdyk en noch fierder fuort. Op it programma stiet ûnder oare lekker ite, lykas spareribs, in keatswedstriid en der wurdt in groepsfoto makke. Burdmannen kinne har opjaan fia The Dutch Beard and Moustache Association.

 

Trefwurden: 
Baard Burd 1 april
(Advertinsje)
(Advertinsje)