Hoareka makket ûnderlinge ôfspraken foar bettere staazjes

31 jan 2017 - 15:19

Njoggen Fryske hoareka-ûndernimmers wolle it nivo fan learlingen en stazjêres ferbetterje. Se hawwe dêrom in spesjaal gearwurkingsferbân oprjochte. De bedriuwen kinne sa makliker learlingen útwikselje. Yn it iene bedriuw kinne se dan it iene leare, en by in oar restaurant wer wat nijs, is de gedachte. De hoarekasaken wolle ek workshops yn groepsferbân oanbiede.

De gearwurking hjit de Alliantie Onderwijsgroep Fryslân. Oansluten binne: restaurant Het Spijshuys, restaurant De Vrijheid, restaurant Onder de Linden, hotel-restaurant Tjongervallei, restaurant Tandjong Priok, grand kafee Het Gerecht, rederij Doeksen, restaurant-wynbar ONS en ytkafee Spinoza.

Trefwurden: 
Staazje hoareka
(Advertinsje)
(Advertinsje)