Plysje Frjentsjer hâldt jongerein oan foar fernieling auto's

31 jan 2017 - 14:00
(argyffoto) - Foto: John Moerland

De plysje yn Frjentsjer hat de ôfrûne wiken tsien jongeren út de stêd oanhâlden foar it fernielen fan auto's. Yn de nacht fan 7 op 8 jannewaris binne njoggen auto's yn de Professorenbuert fernield. In tsjûge brocht de plysje op it spoar fan de fertochten. De jongeren, yn de âldens fan 14 oant 19 jier, hawwe allegear in ferklearring ôflein. Se joegen oan dat se foarôfgeand oan de fernielingen alkohol dronken hiene. De jonges binne wer frij. It dossier is nei it Iepenbier Ministearje stjoerd. It IM bepaalt wat mei de fertochten barre moat.

Trefwurden: 
plysje Frjentsjer fandalisme
(Advertinsje)
(Advertinsje)