Eask fan twa jier sel tsjin brânstichter yn azc Balk

31 jan 2017 - 13:46

Tsjin in Syryske flechtling is tiisdei twa jier selstraf easke fanwege brânstichting yn it asylsikerssintrum yn Balk. De 40-jierrige man soe yn oktober in tekken yn 'e brân stutsen ha. Neffens syn advokaat die er dat út frustraasje, omdat er fûn dat er negeard waard troch de lieding fan it sintrum. Hy soe nei syn die sels it fjoer útmakke hawwe, omdat er ynseach dat er te fier gong wie. De reklassearring pleitet foar in wurkstraf, mar neffens de offisier fan justysje is dat net passend sjoen de earnst fan wat de man dien hat.

De rjochtbank docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)