Skieppehoeder Sam Westra hat betrouwen yn koart pleit

© Omrop Fryslân
Skieppehoeder Sam Westra hat betrouwen yn it koart pleit dat er oanspand hat tsjin de gemeente Ljouwert. It koart pleit tsjinnet woansdeitemoarn foar de rjochtbank yn Ljouwert. Westra hie by de gemeente beswier oantekene tsjin it beslút dat der in nije skieppehoeder komt yn it Griene Stjergebiet yn Ljouwert.
De gemeente hie de priis-kwaliteitsferhâlding fan de ferskate gadingmakkers mei-inoar ferlike. De nije skieppehoeder kaam dêrby better út de bus as Sam Westra. "Yn de oanbestegingsproseduere rammelet it oan alle kanten", seit Westra. "Ik sjoch it koart pleit dan ek mei fertrouwen temjitte."
Petysje
De inisjatyfnimmers foar in petysje hawwe oproppen om de skieppehoeder de stypjen by syn koartpleit. Al goed 4.000 hantekens binne sammele foar it behâld fan Westra en syn skiep yn Ljouwert.