ChristenUnie stelt fragen oer tafersjoch yn treinen

31 jan 2017 - 10:51
Stasjon Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol fan de provinsje witte as ferfierder Arriva wol genôch tafersjochhâlders op de trein ynset. Oanlieding foar de fragen is dat de provinsje Grinslân it ferfierbedriuw wol op de fingers tikket, om't Arriva dêr de doelstellingen net hellet.

It gebrek oan tafersjochhâlders soe neffens it fakbûn VVMC liede ta mear ûnfeilichheid by meiwurkers. Neffens de ChristenUnie moat Arriva alles út de kast helje om foar feiligens te soargjen.

Ferline wike sei de provinsje net mei de fûst op tafel te slaan om't Arriva de doelstellingen krekt net hellet yn de fakânsjeperioade, en dan it is folle minder drok yn de trein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)