Undersyk nei draachflak keapsnein Dantumadiel

31 jan 2017 - 06:10

Der moat in ûndersyk komme nei it draachflak foar in keapsnein yn Dantumadiel. Dat fynt de PvdA yn dy gemeente. De kristlike partijen ha de mearderheid yn Dantumadiel, en dêrom sjocht it der net nei út dat de keapsnein der gau komme sil. Mar it kin samar wêze dat dat nei de gemeenteriedsferkiezingen fan takom jier hiel oars is, seit Remy Teunissen fan de PvdA. Dy partij wol graach dat der in keapsnein komt, mar as út it ûndersyk bliken docht dat der gjin draachflak foar is, dan sille se der ek gjin muoite foar dwaan, seit Teunissen.

De ried fan Dantumadiel praat tiisdeitejûn oer de keapsnein.

Trefwurden: 
keapsnein Dantumadiel
(Advertinsje)
(Advertinsje)