Omstanners rêde man út auto yn wetter yn Drachten

30 jan 2017 - 23:09
Foto: Sicco Riedstra

Yn Drachten is moandeitejûn in man út in auto te wetter rêden. Omstanners hawwe de man derút helle.

De auto wie troch noch ûnbekende oarsaak oan it Mûnein yn it wetter fan de Drachtster Feart telâne kaam. De brânwachten fan Drachten, Burgum en Ljouwert waarden oproppen foar it ûngelok. Der waard ek in medysk team optrommele. Njonken de man soene der gjin oare minsken mear yn de auto sitten hawwe.

Trefwurden: 
rêding Drachten
(Advertinsje)
(Advertinsje)