Ferlies foar Jong Hearrenfean tsjin Jong Excelsior

Yn de slotfaze fan de wedstriid ferlear Jong Hearrenfean moandeitejûn fan Jong Excelsior. De Feansters kamen yn de sechsde minút op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Dennis Johnsen. Dat koene se hast de hiele wedstriid folhâlde, mar oan de ein kamen de Rotterdammers dochs op likense hichte troch in doelpunt fan Ryan Koolwijk.
Yn de blessueretiid skoarde Koolwijk noch in kear, sadat Jong Excelsior de wedstriid wûn mei 2-1.
Jong Hearrenfean hat dit seizoen pas twa kear ferlern. En ek no krige Hearrenfean wol kânsen op de oerwinning, sei trainer Johnny Jansen. "Helaas waren we vanavond niet nauwkeurig genoeg om de kansen te benutten. We speelden een aantal goede countermogelijkheden niet goed uit, mede door een slordige eindpass."
Jong Hearrenfean bliuwt nei it ferlies yn Rotterdam wol op it earste plak stean yn de kompetysje. De Feansters hawwe noch in foarsprong fan twa punten op de nûmer twa. De earstfolgjende tsjinstanner fan de Feansters is Jong Feyenoord, oer twa wiken, thús op Skoatterwâld.