Modernste robots moatte 600 nije banen opsmite

30 jan 2017 - 20:11

Mei in kongres foar sa'n twahûndert bedriuwen yn it Grinzer Hoogkerk is moandei it offisjele startskot jûn foar de Region of Smart Factories. Sûnt in goed healjier wurkje fjirtich bedriuwen en ynstellingen mei-inoar gear om tûke techniken ta te passen en de konkurrinsjeposysje fan bedriuwen te fersterkjen. Sa stribje se dernei om bygelyks mei de nijste techniken, lykas de modernste robots, ien kear goed te produsearjen.

It inisjatyf moat de kommende trije jier ek seishûndert nije banen opsmite. 

Philips yn Drachten is ien fan de bekendste dielnimmers fan it kongres. De measte bedriuwen binne lytser en minder kapitaalkrêftich. It projekt wurket mei in budzjet fan goed 20 miljoen euro. Dat is op it kleed lein troch de oerheid en it bedriuwslibben. Ut dy pot kinne benammen de lytsere bedriuwen ûndersyk en ûntwikkeling betelje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)