'Fertrek PVVer kiezersbedroch'

24 okt 2011 - 12:16

De Fryske PVV-fraksje beskuldiget de opstapte fraksjelieder Jelle Hiemstra fan kiezersbedroch. Hiemstra stapt op omdat er nei syn mishanneling te min stipe krige fan syn kollega's. Ek wykt syn stânpunt oer de islamisearring ôf fan dat fan de lanlike PVV. Van der Galiën seit dat Hiemstra wol genôch stipe krigen hat. Hy waard sels útnoege as spesjale gast by Prinsjesdag. Fierder fynt hy it frjemd dat Hiemstra trochgiet as ûnôfhinklik steatelid. Hy neamt dat kiezersbedroch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)