Gebben beneamd ta nije boargemaster fan Tytsjerksteradiel

30 jan 2017 - 19:40
Jeroen Gebben - Foto: Gemeente Tytsjerksteradiel

Noch krapoan in moanne en dan wurdt Jeroen Gebben ynstallearre as nije boargemaster fan Tytsjerksteradiel. Hy is no offisjeel beneamd. Dat wie in formaliteit. De betrouwenskommisje hie earder unanym foar Gebben keazen. Hy folget Wilma Mansveld op, dy't no waarnimmend boargemaster is fan de gemeente.

Gebben groeide op yn Bûtenpost. Hy is op it stuit foarsitter fan it kolleezje fan bestjoer fan Edudelta Onderwijsgroep yn Súd-Hollân en Seelân. Dêrfoar wie er wethâlder en lokoboargemaster yn Barendrecht. Dêr wennet er no ek.

Gebben begjint op 28 febrewaris yn Burgum. Yn totaal hawwe achttjin minsken sollisitearre nei de funksje fan boargemaster yn de gemeente Tytsjerksteradiel. Ynwenners fan de gemeente koene yn it foartrajekt sels ek meitinke oer it profyl fan de nije boargemaster. Yn de koarte profylskets foar de nije boargemaster stie dat dy middenyn de mienskip stean moat, in ynterne ferbiner wêze moat en in ekstern boechbyld.

Ter Keurs fûn it nei tolve jier as boargemaster tiid om 'de beakens te fersetten'. Hy woe graach in funksje bûten it iepenbier bestjoer, ek omdat syn priveesituaasje feroare, sei er yn in eardere ferklearring.

(Advertinsje)
(Advertinsje)