Jong Cambuur ferliest út fan Jong Feyenoord

Jong Cambuur tsjin Jong Feyenoord yn de Rotterdamske Kuip © Twitter SC Cambuur
Jong Cambuur hat moandei yn De Kuip yn Rotterdam de wedstriid tsjin Jong Feyenoord mei 2-0 ferlern. Feyenoorspiler Wessel Dammers, dy't ferline seizoen noch oan de Ljouwerters ferhierd waard, iepene de skoare. Dat waard folge troch in goal fan ploechgenoat Mo El Hankouri. Cambuur slagge der net yn om op likense hichte te kommen, ek net nei de rêst.
De beloften fan Cambuur spylje nije wike tiisdei thús tsjin PEC Zwolle.