Bysûndere ovaalrûne krabbe fûn op It Amelân

Op It Amelân is in bysûndere krabbe fûn. Oan it begjin fan dit jier fûn Hylkje Voulon fan It Amelân in seldsume krabbe op it strân. Se hie fuortendaliks yn de gaten dat it om in bysûnder eksimplaar gie en naam him mei.
Watfoar krabbe it krekt wie, wist se net. Kunde koe it bist yn de boeken sa gau net fine, mar oare saakkundigen hiene it yn de gaten: it gie om in saneamde ovaalrûne krabbe. Oars as de folle gewoanere sirkelrûne krabbe hat dy in skyld dat net hielendal rûn is.
Ek op Skylge
De ovaalrûne krabbe komt net yn de Noardsee foar. It bist libbet yn de kustgebieten fan de Atlantyske Oseaan, it Kanaal en de Middellânske See. Ut en troch spielt ien oan op de Nederlânske kust. Goed in wike lyn fûn boskwachter Joeri Lamers in ovaalrûn rêchskyld op Skylge. En Hylkje Voulon fûn hast twa wiken earder in kompleet eksimplaar.
Ut de koers
De ovaalrûne krabbe rukt op. Mooglik is de krabbe út de koers rekke troch de stoarm oan it begjin fan it jier, seit frou Voulon. De wike foardat se de krabbe fûn, wie it wynkrêft 8 en heech wetter. In oare mooglikheid is dat krabbe yn in ballasttank fan in frachtskip meifearn is en boppe It Amelân oerboard gien is. Klimaatferoaring oanwize as reden dat de krabben hjir no fûn wurde, en net yn it waarmere wetter dêr't se ornaris swimme, giet Voulon te fier. Dan moatte der earst mear fûn wurde.