Kulturele Haadstêd siket meartalige kultuerproduksjes

30 jan 2017 - 16:38
It nije taalpaviljoen fan 'Lân fan taal' op it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert

De provinsje stelt hûnderttûzen euro beskikber foar kulturele produksjes op it mêd fan meartaligens. It giet om taalprojekten foar sawol bern, âlderein, wittenskippers as rekreanten. It kin dan gean om bygelyks in workshop gedichten skriuwe of muzykteäter yn in streektaal. De produksjes wurde ûnderdiel fan Lân fan Taal, ien fan de grutste programma's fan Kulturele Haadstêd. Organisaasjes kinne de subsydzje fan tiisdei ôf oanfreegje.

(advertinsje)
(advertinsje)