Beurs Rondom Huis giet net troch fanwege te min ferskaat

30 jan 2017 - 15:44
De eardere beurs Huis & Tuin yn it WTC Expo - Foto: Omrop Fryslân

De Beurs Rondom Huis dy't yn it earste wykein fan maart hâlden wurde soe yn it WTC Expo yn Ljouwert, giet net troch. Der wie net genôch ferskaat yn it oanbod fan standhâlders, seit de organisaasje. De beurs hie de opfolger wurde moatten fan de beurs Huis en Tuin. Dy gie ferline jier net troch, omdat der net genôch belangstelling foar wie.

De organisaasje besjocht de kommende tiid oft der takom jier wol sa'n beurs komt.

Trefwurden: 
Rondom Thuis WTC Expo beurs
(Advertinsje)
(Advertinsje)