Gemeente Ljouwert tefreden oer proef mei grienûnderhâld

Túch © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra
De proef yn Ljouwert mei wykbewenners dy't sels it grien yn de buert ûnderhâlde en swalkôffal opromje is sa'n sukses, dat it de kommende jierren finansjeel trochset wurdt. De frijwilligers binne faak minsken dy't sûnder wurk sitte en op sa'n wize wer in doel ha. Fiif bewennersorganisaasjes yn de wiken Heechterp-Schieringen, Bilgaard en Wielepôle en de doarpen Wytgaard en Snakkerbuorren regelje it grienûnderhâld. De gemeente is op de eftergrûn belutsen. De oanpak is unyk foar Nederlân, seit de gemeente Ljouwert.