"Fontein Warkum te grut foar plak by passantehaven"

30 jan 2017 - 15:02

Guon ynwenners fan Warkum binne it net iens mei it ûntwerp foar de fontein dy't de stêd krijt yn it ramt fan Kulturele Haadstêd. Se binne mei in ynternetpetysje begûn.

De inisjatyfnimmers fine it ûntwerp fan de Britske keunstneresse Cornelia Parker te grut foar it plak dêr't it komme moat. De fontein soe by de passantehaven komme moatte. De petysje is ûndertusken 144 kear tekene.

(advertinsje)
(advertinsje)