Frachtwein kantelet en bedarret yn sleat njonken de N359

30 jan 2017 - 13:58
Foto: Twitter Erik Wolbers ‏@wollie1968

Op de Suderseewei tusken De Lemmer en Balk is in frachtwein kantele en op syn sydkant yn de sleat neist de dyk telâne kaam. De ravaazje is grut, mar de frachtweinsjauffeur is mei de skrik frijkaam. De plysje ûndersiket hoe't de frachtwein fan de dyk ôfreitsje koe.

Moandeitejûn wie de dyk ôfsletten op in rêstich momint om de frachtwein te bergjen.

De Ferkearsynformaasjetsjinst (VID) meldt dat der kontakt west hat mei de provinsje om de dyk skjinmeitsje te litten. Der soe modder op de dyk lizze. Mooglik soe dat ek de oarsaak fan it ûngelok wêze kinne.

De frachtwein wurdt letter burgen, dêrfoar moat lykwols de N359 yn beide rjochtingen ôfsletten wurde. Wannear't dat barre sil, is noch net bekend.

(Advertinsje)
(Advertinsje)