Nije kommissaris fan de Kening Arno Brok ferhuzet nei Balk

30 jan 2017 - 13:45
Foto: Google Street View

Arno Brok, de nije kommissaris fan de Kening, ferhuzet meikoarten nei Balk. Hy hiert yn de Van Swinderenstrjitte in wenning fan de feriening Hendrick de Keyser. Dy keapet histoaryske pannen yn Fryslân, knapt se op en ferhiert se dêrnei.

It hûs yn Balk waard yn de 18e iuw boud en wie earder eigendom fan de famylje Poppe, dy't yn bûter hannele. It giet foar Brok om in tydlik wenplak, hy is fan doel in hûs yn Fryslân te keapjen. Brok wurdt op 1 maart ynstallearre as kommissaris.

(Advertinsje)
(Advertinsje)