Expansiebeurs Jobbegea feroaret yn nij festival

30 jan 2017 - 12:36

Tsientallen jierren wie it in begryp yn Jobbegea: de Expansie. In grutte konsumintebeurs, dêr't bedriuwen harsels presintearren en dy't útgroeide ta in evenemint dêr't minsken út de fiere omjouwing op ôfkamen. Mar nei 55 jier is it dien, no't de konsumintebeurs út it programma helle wurdt. Foar de organisaasje it is in te grutte toer om de organisaasje rûn te krijen. Oare ûnderdielen, lykas optredens fan in bûnt selskip oan artysten, bliuwe wol oerein.

"Net mear fan dizze tiid"

Neffens Ate Eijer fan de organisaasje frege it bestjoer him ôf oft de Expansiebeurs noch wol fan dizze tiid wie. "Dy fraach hawwe wy ek oan ûndernimmers en oan it doarp sels foarlein en sy kamen ta deselde konklúzje. Bedriuwen hawwe hjoed-de-dei oare wizen om harsels te presintearjen. Sy seagen har ferkeapen ek minder wurden. It kostet dus tefolle jild en tiid foar bedriuwen en dêrom hâlde we dermei op, hoe muoilik dat ek is."

Expansie as evenemint bliuwt bestean, mar giet no fierder ûnder de namme 'festival'. Eijer: "Temadagen op it festival ferfange de beurs."

(Advertinsje)
(Advertinsje)