Petysje foar behâld gevel fan Drachtster ambachtsskoalle

30 jan 2017 - 13:00

Drachtsters komme yn aksje om de gevel fan de âlde ambachtsskoalle te behâlden. Fia in online petysje roppe se minsken op te tekenjen om de foargevel fan it gebou ûnderdiel te meitsjen fan de plande nijbou oan de Boargemaster Wuitewei. De grifformearde skoallemienskip Gomarus sil in nije skoalle bouwe op dat plak.

It markante âlde gebou sil dan plak meitsje foar moderne nijbou. Mei de petysje wol in groep Drachtsters no besykje dat yn alle gefallen de foargevel stean bliuwt en ûnderdiel wurdt fan it nije ûntwerp.

Omtinken foar Drachtster histoarje

Amateur-histoarikus Andries Pieterson, dy't ek in soad publisearret oer âld-Drachten, fynt dat Drachten net genôch omtinken hat foar de eigen histoarje. "De oude ambachtsschool is dan wel geen monument, maar is wel beeldbepalend voor de Burgemeester Wuiteweg. Natuurlijk behouden we het liefst het hele pand, maar we hopen toch minimaal op de oude gevel. Het is niet onmogelijk, want de voormalige huishoudschool van Drachten is behouden gebleven in de nieuwbouw van een appartementencomplex."

(advertinsje)
(advertinsje)