Sineeske besite yn Ljouwert

24 okt 2011 - 12:31

Oant kommende woansdei is der wer in delegaasje út de Sineeske stêd Liyang op besite yn Ljouwert. De Sinezen binne bot ynterressearre yn duorsumens en ûnderwiis. De delegaasje sjocht ûnder mear even by Omrin, de NHL, Wetsus en de Dairy Campus. It bliuwt net by besite allinnich, in saaklik sukses is der ek al boekt. Neffens boargemaster Crone sil woansdei nei alle gedachten in kontrakt tekene wurde foar it leverjen fan in biogasynstallaasje oan Liyang.

Trefwurden: 
Ljouwert sinezen Liyang
(Advertinsje)
(Advertinsje)