Soargen oer ûnfeilige situaasje by rotonde fan Lytsepost

Veilig Verkeer Nederland (VVN) hat grutte soargen oer de feiligens foar fytsers by rotonde Lytsepost ûnder Bûtenpost. Fytsers rinne gefaar by de rotonde, seit Dirk de Jong fan VVN. It fytspaad en in paralleldyk fan de provinsjale dyk N358 komme by de rotonde byinoar. Op dy paralleldyk ride in soad frachtauto's dy't nei it stoartplak moatte. VVN ropt de gemeente en provinsje op de ferkearssituaasje by Lytsepost oan te pakken. Fan it fytspaad tusken Surhústerfean en Bûtenpost meitsje in soad bern gebrûk. Alden ha VVN tipt oer de ûnfeiligens.