Nije boargemaster Weststellingwerf "moat belutsen wêze"

30 jan 2017 - 11:13
It gemeentehûs van gemeente Weststellingwerf - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Belutsen, benaderber en sichtber yn de doarpen. Dêr moat de nije boargemaster fan Weststellingwerf oan foldwaan. Hast 700 ynwenners hawwe meidien oan in enkête dy't troch de gemeente hâlden is. De ynwenners freegje in soad oandacht foar de jongerein en de leefberens fan de doarpen.

De boargemaster moat dêrneist ek each ha foar de ekonomyske ûntwikkeling fan de gemeente. De gemeenteried stelt de profylskets foar de opfolger fan Gerard van Klaveren op 27 febrewaris fêst. Foar de simmer moat bekend wêze wa't de nije boargemaster wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)