Sven Kramer krijt helde-ûnthaal yn Súd-Koreä

30 jan 2017 - 10:19

Reedrider Sven Kramer is moandei op it fleanfjild fan de Súd-Koreaanske haadstêd Seoul grut ûnthelle. Tsientallen fotofgrafen en kameraploegen en hûnderten fans wachten Kramer op. Op bylden fan de NOS is te sjen dat der sels in poadium is wêrop't hy yn it Nederlânsk wolkom hjitten wurdt.

Kramer is yn Súd-Koreä foar de WK ôfstannen, dy't nije wike hâlden wurde. Syn populariteit yn it lân hat Kramer mei te tankjen oan it feit dat hy yn it Koreaansk twitteret. Boppedat wurdt Kramer sponsore troch in Koreaansk kleanmerk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)