Plysje trappearret twa drankriders; beide krije rydferbod

Alkoholkontrôle (argyffoto) © Omrop Fryslân
In rydferbod fan sân oeren en in boete fan 650 euro. Dat wie de straf foar in 45-jierrige ynwenner fan Dantumadiel. De man waard moandeitemoarn betiid trappearre doe't er op de Heak om Ljouwert ried. Om't it rydgedrach fan de man opfoel, sette de plysje him oan de kant. Ut in blaastest die bliken dat de man tefolle dronken hie.
In dei earder waard ek in 49-jierrige Ljouwerter trappearre. Hy ried op syn snorfyts troch de stêd, mar hie dêrby de hiele dyk nedich. In tsjûge joech it sinjalemint fan de man en it kenteken fan de snorfyts troch.
Plysjeminsken troffen de man oan yn in snackbar flakby syn hûs. Om't er wegere mei te wurkjen oan in blaastest, is er meinaam nei it plysjeburo. Dêr doe bliken dat er yndie tefolle alkohol op hie. Syn rydbewiis is ynnaam en hy krige in rydferbod fan 24 oeren.