Freget it BFVW dit jier wol of net in aaisykfergunning oan?

30 jan 2017 - 07:21

Wol of net aaisykjen dit jier? Dêroer organisearret it Bûn foar Fryske Fûgelwachten (BFVW) moandeitejûn in ekstra ledegearkomste. Yn it belied fan it Bûn stiet dat sy it aaisykjen oerein hâlde sille, mar foarsitter Rendert Algra is pessimistysk oer de kânsen foar dit jier. "Ik tink dat as wy in ûntheffing oanfreegje, de kâns hiel lyts is dat we dy ek krije."

Dus wol it bestjoer dit jier gjin oanfraach yntsjinje. Mar om't dat botst mei it belied, wol it BFVW soks earst mei de leden beprate. Dat bart dus moandeitejûn.

Minder neisoargers

It soe it tredde jier op rige wurde dat der yn ús provinsje net socht wurde mei. Twa jier lyn blokkearre de Ried fan Steat de fergunning dy't de provinsje ôfjûn hie, ferline jier joech de provinsje sels gjin tastimming. Dat hat te krijen mei de minne ljippestân.

Neffens Algra soarget de wegering fan it aaisykjen der wol foar dat der ek minder neisoargers binne. "De measten hawwe it aaisykjen as hobby en sjogge de neisoarch as harren plicht. Mar der is wol in groep dy't net oan neisoarch docht as se net aaisykjen meie."

Trefwurden: 
aaisykjen BFVW Render Algra
(advertinsje)
(advertinsje)