Drachtster docht as earste para-atleet mei oan Frysman

30 jan 2017 - 06:21

Gerrit Dijkstra fan Drachten wurdt de earste para-atleet dy't meidocht oan de triatlon Frysman op 8 july. Dijkstra hat trije dwarslaesies. Swimme slagget him hiel goed en de 3,8 kilometer binne dan ek gjin probleem. De 180 kilometer dy't de oaren fytse moatte leit hy mei de hânbike ôf. De maraton docht hy mei syn wheeler, in sportive rolstoel.

Gerrit Dijkstra is al drok yn training. Mei syn personal trainer Maico is hy dwaande syn spieren sterker te meitsjen. It resultaat is der neffens en Gerrit wurdt hieltyd rapper.

"In doel yn it libben hawwe". dat is foar Dijkstra de reden om mei te dwaan. "En sjen litte oan oaren dat al hawwe jo in beheining, dan kinne je noch alles dwaan. Dat is myn driuwfear. Yn myn holle kin ik alles."

Benaud foar parkoers

Dijkstra woe nei it sjen fan de earste edysje al graach in kear meidwaan oan de Frysman. Om't hy benaud wie foar it parkoers, in soad gers en sânpaden, liet hy it der by sitte. Oant it momint dat hy by tafal falle liet dat hy dochs graach meidwaan woe.

Dat waard heard troch ien fan de organisaasje. Dy sei dat alles mooglik wie. Dat syn handicap gjin probleem wie en dat der foar de mooglike problemen op it parkoers gewoan in oplossing komt.

Paralympyske Spelen

Dijkstra wol bewize dat ek foar minsken mei in handicap alles mooglik is. Sa sjocht hy ek al mei in skean each nei de de Paralympyske Spelen fan 2020. Al is er realistysk: "Ik haw in hiel grut neidiel: de nûmers 1 en 2 fan de Paralympyske Spelen fan ferline jier haw ik foar my sitten. As ik se ynhelje wol moat ik 20 minuten flugger wêze op de triatlon, mar ik wol it wol probearje fansels."

Hy soe graach meidwaan wolle oan de Paralympyske wedstriid. No earst de Frysman. Gerrit Dijkstra hopet de triatlon yn 12 oeren te folbringen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)