Kollum: "Wêrom’t Guus Meeuwis gjin lul is"

30 jan 2017 - 08:20

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwerfoar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Ik wol it graach mei dy ha oer de kollum fan reedrydster Floor van den Brandt yn Trouw foarige wike. Yn dizze kollum mei de titel ‘Wie ben ik’ stelt Van den Brandt harsels foar. En dêrmei die se har namme ear oan, want mei har útspraken brânde se ús as provinsje Fryslân én as Frysk folk folslein ôf.

Foar wa’t it stik noch net lêzen hat, earst efkes in koarte gearfetting. Floor van den Brandt komt út Brabân, is 26 jier en wennet sûnt har 16e yn Fryslân fanwegen it reedriden. Dêroer fertelt se it folgjende: ‘Op mijn zestiende ging ik naar Friesland, dat vond ik echt verschrikkelijk. Eén seizoen schaatste ik voor het Gewest Friesland; ik had een Friese vlag op mijn schaatspak. Nou, ik was blij als het weer uit kon.’

En dit is noch mar it begjin. Yn de rest fan de kollum wurdt it allinnich mar slimmer. Wy knauwe as Friezen allinnich yn ús eigen taaltsje, wy binne sa stoisynsk en horkerich as in ôfkeurde paspop fan de V&D en elke foarm fan gesellichheid is ús as Fryske folk folslein ûnbekend. Wa’t net better wit, soe tinke dat Floor in beskriuwing jout fan it swier ûnderdrukte folk dêr yn Noard-Korea.

Ik lêsde it stik dan ek fol ferbjustering. En hoe fierder ik kaam hoe lilker ik waard. Hielendal doe’t ik by de sin oankaam wêryn’t se fertelt dat se ‘helaas een Friese vriend’ hat. Sorry? It stiet der echt, swart op wyt: ‘Inmiddels heb ik helaas wel een Friese vriend. Hij spreekt Fries maar ik vertik het die taal te leren. Ik moet het wel gaan verstaan, maar daar sta ik zó niet voor open.’

Sjoch, en dat is krekt it probleem. Wannear’st dy net iepen stelst foar in oar sil it fansels ek noait wat wurde. Leafde moat per slot fan rekken fan twa kanten komme. Ik bin der wis fan dat har libben hjir in stik leuker wurdt as se ek mar in bytsje iepen stean soe foar ús. Fansels, hoechst dy net fuort Fries te fielen, mar ús sa ôffikje dat begryp ik net.

Stel, ik soe foar myn wurk nei Brabân moatte. En ik wenje dêr al tsien jier. Yntusken bin ik hielendal wend oan dat gesellige taaltsje mei dy sachte G, as de krante my bellet foar in ynterview. De fraach is: fielst dy al in bytsje Brabanner? Dan bin ik der wis fan dat ik antwurdzje sil dat ik my noch altyd Fries fiel. Mar dat betsjut dochs net dat ik hiel Brabân dan mar oan de grûn ta ôfbrâne moat?

Dat ik Guus Meeuwis ynienen de grutste lul fan Nederlân fyn. Dat ik al spuie moat as ik allinnich mar it wurd ‘worstenbroodje’ stean sjoch op de menukaart. En dat ik mar net wenne kin oan dat seikerige ‘houdoe’ oan de ein fan elk petear. It soe net iens yn my opkomme, sokke ûnsin. Want just dat makket in folk in folk. Eigen iten, eigen tradysjes, eigen karaktertrekken en fansels in eigen taal.

En just ús Fryske taal stjit Floor noch wol it aldermeaste tsjin de boarst, konkludearje ik as ik har kollum lês. ‘Ik werd vaak boos als mensen zomaar Fries gingen spreken waar ik bij stond. Als ik kleine kinderen op straat Fries hoor praten, denk ik: doe eens normaal!’ Tsja. Kinst ek krekt oarsom tinke. Dat it de normaalste saak fan de wrâld is dat wy hjir Frysk prate. Want dat is no ienkear ús taal.

Yntusken is by my de lilkens wer wat bekuolle. Hielendal doe’t ik op Twitter seach dat se skriuwt dat har kollum net bedoeld wie as anti-Fries en dat se it hjir poerbêst nei har sin hat. No ja, lit wy har it foardiel fan de twivel jaan. Ien goede tip Floor: wy Friezen binne krekt as de Frânsen. Ast ek mar in bytsje dyn bêst dochst op ús taal, setst ús al yn fjoer en flam. En dêr skoarst grif mear punten mei as mei sa’n domme brânbrief."

(Advertinsje)
(Advertinsje)