Brânwacht rêdt húsdieren by skoarstienbrân yn Rie

29 jan 2017 - 21:05

De brânwacht hat sneintejûn yn Rie in hamster en in fûgel rêden út in hûs fol reek wei. De beide húsdieren wienen noch binnen doe't de brânwacht oan kaam.

De reek kaam troch in brân, dy't ûntstie yn de skoarstienpiip. De isolaasje dy't om de piip hinne siet fette flam. Der kaam in protte reek frij, mar mei de fierdere skea liket it ta te fallen. Der soe net ien ferwûne rekke wêze.

(advertinsje)
(advertinsje)