'Even wat ouwehoere mei in blau swaailjocht'

29 jan 2017 - 20:43
Foto: Plysje Ljouwert

De plysje fan Ljouwert hat sneintemiddei in blau swaailjocht yn beslach naam dat by in 23-jierrige man út Dantumadiel op it dak fan de auto stie. In plysjeman hie sjoen dat de man it swaailjocht op it dak sette, en dat er it ek oan die.

De plysjeman fertroude it fuortendaliks al net, en neidat er kontrolearre hie dat it kenteken net by in plysje-auto hearde, joech er de man in stopteken. Dy ferklearre dat er 'gewoan wat ouwehoere' woe. De plysje hat proses-ferbaal opmakke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)