Hotelgasten sliepe yn de reek troch autobeurs

29 jan 2017 - 18:21

Hotelgasten fan it WTC-hotel yn Ljouwert ha oerenlang lêst hân fan de reek fan de raceauto's yn it njonkenlizzende WTC Expo. Dêr wie dit wykein in beurs mei allerlei soarten fan racemonsters, en in part fan de reek dy't dêr wei kaam waaide sa it hotel yn. Guon hotelgasten hiene dêr bot lêst fan, seit Theo Witteveen fan de organisaasje. "Se binne dêr net wend dat der autogassen nei binnen geane."

De oarsaak fan it probleem leit by de wyn, seit Witteveen. "Dy stie de ferkearde kant op, en dêrtroch stiene ús blowers ek ferkeard. Foardat je dat oplost ha, binne je oeren fierder. En foardat de reek dan wer it gebou út is, dat duorret hiel lang. Dus guon minsken sille sliept ha mei it idee dat se noch op it sirkwy leinen."

Foar it fierdere wie de beurs in sukses, seit Witteveen. Earder wie de autobeurs altyd ien kear yn de twa jier; it wie no foar it earst dat de beurs twa jier achter mekoar holden waard, en it is de bedoeling dat de autobeurs ek takom jier wer yn Ljouwert holden wurdt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)